November no, en let, leafste,
sjogge we mekoar fannacht
yn it park?
kjeld krûpt yn de kachelbuizen om
en kocheljend suchtsjend
lost er op
Tsjuster, einleas, djip
as bonken, krimpt en krimpt
oant it yn in pitsje past
De letters AC/DC knetterje
troch skulpen mûk as winterkeamers
We sitte yn spanning
we aardzje
It ljochtet yn de nachtsee
dit út driuwt
in waarme stream
ut it pitsje ploft
in elektryske blom
en sjoch, we transformearje!
Sinneljocht
Oer it griene paad
folgje ik har spoar
oant achter de hoarizon
O memme sinne, sa myld, mar
dyn flamjend hert komt út de nacht
ôfkearich fan it tsjuster
Yn 'e bleate búk saait de moarntiid
troch de parken
Oan jonge beammen
groeie knopkes ljocht
Fonken as plúskes skitterje en waaie
Der wurdt songen
Tusken wiisfinger en tomme
Hâld ik de sinne even fêst
en knyp sêft
Yn dit ljocht mei ik wenje
Hûs sûnder skaad
Hjir begjinne nije dagen
as sweve, as adem
Arjan Hut